Peel

Fean op 'e Peel.

De Peel is in no grutdiels ferdwûn heechfeangebiet dat him earder útwreide oer hast it hiele grinsgebiet fan wat no de Nederlânske provinsjes Noard-Brabân en Limburch binne. Ienris rûn it alhiel fan Weart yn it suden oant Grave yn it noarden. Iuwenlang isolearre it Brabân en Limburch faninoar, wat hjoed de dei noch te merken is oan 'e dialekten dy't oan wjerskanten fan 'e Peel sprutsen wurde (dy't alhiel net opinoar lykje). Healwei de njoggentjinde iuw, doe't der fanwegen de Yndustriële Revolúsje yn Nederlân in grut ferlet fan branje ûntstie, waard mei de ferfeanting fan it gebiet úteinset. Troch de grutskalige winning fan turf, dy't mei tuskenskoften oant 1984 trochgie, kromp de Peel as heechfeangebiet úteinlik yn ta in pear tûzen ha.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Externe links, op dizze side.


Developed by StudentB